Reza skoart foar Iran op WK

Reza Ghoochannejhad yn aksje tsjin Bosnië op it WK © ANP
Ald-Cambuurspiler Reza Ghoochannejhad hat woansdei by it WK fuotbal yn Brazilië foar syn ploech Iran it iennichste Iraanske doelpunt makke. Hy die dat yn de wedstriid tsjin Bosnië-Hertsegowina. Iran ferlear dizze wedstriid lykwols mei 3-1 en einiget dêrtroch as lêste yn pûl F. De Iraniërs binne dêrmei útskeakele op it WK.