Flaters yn útslach HT Race

25 jun 2014 - 19:35
  • De HT-race 2014

Net de manlju fan Het Sloepweesje út Leiderdorp binne de winners fan de HT Race 2014, mar de Jouster manlju fan de Grutte Bear krije de wikselbeker. Troch in flater yn de útslaggen moast de organisaasje fan de HT Race it einklassemint oanpasse. De flater ûntstie trochdat it tij op de dei fan de wedstriid langer duorre as ferwachte. Dêrtroch doegde de tabel net dy't brûkt waard om de streamsnelheid út te rekkenjen.

De útslach by de froulju bliuwt gelyk. Dêr mei de beker by de roeisters fan West-Arvada fan Skylge yn de kast stean bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)