Hamburger aktyf by NL Sporter

25 jun 2014 - 15:45

Sjoerd Hamburger is de nije foarsitter fan NL Sporter. Dat is de belangeferiening foar topsporters. De âld-Alderberkeaper makket al sûnt ferline jier diel út fan it bestjoer. Hamburger (31) wie as roeier aktyf op de Olympyske Spelen fan 2008 en 2012. Yn 2009 wûn er mei Oxford de prestisjeuze Boatrace tsjin Cambridge. Fanwege in slimme skouderblessuere moast er sportyf in stap werom dwaan. Hy roeit noch wol en slút net út dat er weromkomt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)