SWF bliid mei rûnwei Himmelum

25 jun 2014 - 13:55

De gemeente Súdwest-Fryslân is hiel bliid mei it nijs dat de provinsje jild frijmakket foar de oanlis fan de rûnwei fan Himmelum. De plannen foar de oanlis lizze klear en ek de gemeentlike bydrage fan 1,2 miljoen. De proseduere foar de oanlis fan de rûnwei kin no opstart wurde, earst moat de grûn oankocht wurde. It giet om greide sûnder gebouwen derop.

Wethâlder Durk Stoker doart net te sizzen wannear't de skeppe krekt de grûn yn giet, mar hopet dat dat sa gau mooglik is.

De plannen foar Warns moatte noch even op 'e planke lizzen bliuwe. Dêr giet it om de oanpak fan de gefaarlike T-splitsing yn it doarp. De gemeente sil no earst nei ferkearsmaatregels sjen dat bestjoerders minder hurd ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)