Roorda traint by Cambuur

25 jun 2014 - 13:08

Geert Arend Roorda traint op dit stuit mei by Cambuur. De 26-jierrige middenfjilder sit sûnder klup en hâldt syn kondysje op peil by Cambuur. Roorda spile earder foar SC Hearrenfean, NEC en Sparta Rotterdam. Moandei komt bûtenspiler Oliver Markoutz op proef. Markoutz is 19 jier en spile it ôfrûne seizoen yn it twadde fan Bayern München.

Cambuur sit woansdei, tongersdei en freed yn trainingskamp op It Amelân. Kommende sneon stiet de earste offisjele training yn it Cambuur stadion op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)