Nêsten ikeprosesjerûp opromje

25 jun 2014 - 11:49

Yn grutte parten fan de provinsje wurdt hurd wurke om de oerlêst fan de ikeprosesjerûp te kearen. Dy oerlêst liket net echt ta te nimmen, mar wol wurde alle jierren wer nije plakken ûntdutsen. Yn gemeente De Fryske Marren binne no 30 nêsten tsjin 25 ferline jier. Sa sitte sy al sa'n fiif jier yn de iken by Langwar op it krúspunt fan de Houtfeartswei en de Langwarderdyk. De oerlêst falt noch ta. Der is ien gefal bekend fan ien dy't der in soad jokte fan krige.

De nêsten wurde mei in soarte fan stofsûger bestriden, mar ek de natoer kin meihelpe. Fûgeltsjes lykas de blaumies, flearmûzen of guon ynsekten frette de rûpen of aaikes wol. Mar dat is foardat de rûpen brânhierren krije, want dy soargje foar de jokte. Ek yn de gemeenten Hearrenfean en Weststellingwerf wurdt op dit stuit de rûp bestriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)