Fjoertoer op Skier weriepene

25 jun 2014 - 10:57
  • Fjoertoer op Skiermûntseach
  • Fjoertoer op Skiermûntseach
  • Fjoertoer op Skiermûntseach
  • Fjoertoer op Skiermûntseach

Op Skiermûntseach is woansdei de fjoertoer feestlik iepene. Sawol de binnen- as de bûtenkant binne de lêste moannen hielendal opknapt. Fan binnen is de romte foar de ferkearslieders oanpakt. Der is in nij systeem ynstallearre dat der foar soarget dat it personiel noch better sicht hat op de skipfeart. Fia de kompjûterskermen en it útsicht dat se rûnom hawwe, kinne se alles goed yn de gaten hâlde.

De bûtenkant fan de toer hat in hiele nije stúklaach krigen en is op 'e nij ferve. De fjoertoer is 24 oeren deis beset troch sân ferkearslieders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)