By Harns hat de plysje tiisdei it frachtferkear kontrolearre. Fan de trettjin kombinaasjes wiene trije te swier beladen. Twa dêrfan wiene flink oerbelêste, mei mear as de helte. De plysje makket proses-ferbaal op.