Oanlis rûnwei Himmelum kin los

25 jun 2014 - 10:03

De provinsje stelt 950.000 euro beskikber foar de oanlis fan de rûnwei om Himmelum hinne. Dêrmei kin de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't de rest betellet, begjinne mei de oanlis fan de rûnwei. De ferwachting is dat de rûnwei yn 2017 klear wêze sil. De totale kosten fan de rûnwei binne 2 miljoen euro. De rûnwei is nedich omdat al it ferkear, ek in protte frachtauto's, troch Himmelum moat om yn Starum te kommen. Omwenners ha dêr in soad lêst fan.

Yn Warns spilet itselde probleem, mar dêr is noch gjin jild foar in rûnwei. Deputearre Poepjes hopet dat it jild foar de rûnwei om Warns hinne der yn 'e hjerst of uterlik takom jier wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)