Grinslân lilk op Fryslân

25 jun 2014 - 08:27

It provinsjebestjoer fan Grinslân is lilk op dat fan Fryslân fanwege de Fryske plannen foar trije wynmûneparken. Dat meldt RTV Noord. Twa fan de trije wynparken lizze flakby Zoutkamp, it tredde krekt bûten Bûtenpost. Neffens de Grinzer deputearre Moorlag hat Fryslân de buorlju net aktyf benadere, wylst de effekten fan sa'n wynpark net ophâlde by de provinsjegrins.

De plannen steane heaks op de ynstek fan Grinslân, dy't útgiet fan konsintraasje. Grinslân stelt ek dat it oerlis op dit punt op dit stuit mei Dútslân better is as mei Fryslân.

Deputearre Steatn hat oer de kwestje in brief krige út Grinslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)