Utwreiding kassen by Bitgum

25 jun 2014 - 07:41

It glêstúnbedriuw fan Cock van Overbeek út Bitgum wreidet syn kassekompleks út fan 78.000 nei 131.000 kante meter. De útwreiding betsjut in ynvestearring fan goed 9 miljoen euro. Yn de kassen sil Van Overbeek ferskate soarten snacktomaatsjes ferbouwe foar in grutte lanlike supermerkketen. Troch de unike ferljochting dy't oanbrocht wurdt kin der it hiele jier troch produsearre wurde.

De útwreiding fan it kompleks betsjut dat der ferlet is fan sa'n 50 nije personielsleden. No hat Van Overbeek yn it heechseizoen sa'n 150 minsken yn tsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)