Drachten drok mei Simmerdeis

25 jun 2014 - 06:01

Yn Drachten wurdt sûnt moandei hurd wurke oan de tariedings fan it Simmerdeis-festival. Dit spektakel giet tongersdei fan start en duorret oant en mei snein. Fjouwer dagen lang is der yn it Slingepark foar de hiele famylje fan alles te sjen en te hearren op kultureel mêd. Ek op oare bysûndere lokaasjes yn Drachten binne foarstellings, lykas yn de haven.

Ferline jier luts it festival sa'n 20.000 minsken. It festival wurdt dit jier foar de 8e kear holden.

Simmerdeis begjint al op woansdeitejûn mei de premiêre fan de nije foarstelling 'De gymzaal' fan de Drachtster dûnsdosint en teatermakker Ben Vieberink yn de âlde ambachtsskoalle fan Drachten. Neffens programmeur Inge Imelman is Simmerdeis belangryk foar De Lawei omdat it festival in soad minsken út Smellingerlân sels lûkt. Ek biedt it de organisaasje de mooglikheid om moaie foarstellings te organisearjen no't de Lawei sels ticht is fanwege in grutte ferbouwing.

Trefwurden: 
Drachten festival Simmerdeis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)