Fernijde AH Sint Anne iepene

Yn Sint Anne is tiisdeitejûn de fernijde Albert Heijn iepene. Neffens de eigener is de winkel troch de led-ferljochting de modernste AH fan Nederlân. Der is tsien jier oer praat mei de gemeente en de bou fan senioarewenten waard sels stillein, omdat de eigener fan de Albert Heyn benaud wie dat it kompleks de winkel op slot sette soe. Mar alle partijen kamen derút.
De frachtweinen fan de winkel wurde ûnder dak laden en lost, sadat de omwenners der gjin lêst fan hawwe.
En sa koenen it senioarekompleks Van Harenshuus en de supermerk yn Sint Anne beide boud wurde.