'Gjin sluting wykbiblioteken'

Der hoege dit jier noch gjin wykfêstigings fan de biblioteek yn Ljouwert ticht. Dat seit wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert. Earder wie der sprake fan dat lokale fêstigings ticht moasten omdat de biblioteek mei in tekoart op de begrutting sit en de gemeente dit gat net opfolje wol.
De gemeente komt no toch mei jild oer de brêge: 108 tûzen euro. Fierder wurdt no neitocht oer hoe't it fierder moat mei de bibleteek. Dat betsjut dat der foarearst noch neat ticht hoecht.