'Molkpriis fierstente leech'

Melke © ANP
De priis dy't boeren krije foar in liter molke dekt de kosten lang net. Dat hat de Dutch Dairymen Board (DDB) ûndersocht. Neffens de belange-organisaasje fan melkfeehâlders koste it ferline jier 45 sinten om in liter molke te produsearjen. Boeren krigen mar 37 sinten hjirfoar. Dat betsjut in tekoart fan 16 persint.
Neffens de DDB hat de struktueel te lege molkpriis derfoar soarge dat 37 persint fan de Nederlânske melkfeebedriuwen yntusken fuort is.
De organisaasje ropt politisy, melkfeehâlders en konsuminten op om te kommen ta in earlike priis.