Himpkwekerij Drachten oprôle

De restanten fan de kwekerij yn Drachten © Srfotografie.nl, Sicco Riedstra
Yn in bedriuwsgebou oan Het Helmhout yn Drachten hat de plysje tiisdeitemoarn de resten fan in himpkwekerij ûntdutsen. Koartlyn binne op dit plak goed 850 planten rispe. De apparatuer dy't der noch stie is yn beslach naam en ferneatige. Twa manlju fan 30 jier út De Rottefalle en ien fan 42 jier út De Pein binne yn de omkriten fan it gebou oanhâlden. Se wurde fertocht fan belutsenheid by de kwekerij. Yn in wenning oan de Suderwei yn De Pein is in himpdroegerij fûn. De 29-jierrige bewenner is oanhâlden.
De plysje ûndersiket oft de twa saken ferbân ha mei elkoar.