Christian Kum nei FC Utrecht

Christian Kum © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Fuotballer Christian Kum makket foar it kommende seizoen de oerstap fan Sportklup Hearrenfean nei FC Utrecht. De 28-jierrige ferdigener is transferfrij en tekenet foar twa jier by Utrecht. Kum moat de opfolger wurde fan Dave Bulthuis, dy't nei FC Nürnberg yn Dútslân giet.
Kum stie twa seizoenen by Sportklup Hearrenfean ûnder kontrakt. Dêryn spile er yn totaal 43 kompetysjewedstriden foar de klup yn it Abe Lenstrastadion.