Besunigings slach foar kultuer
De besunigings fan ferskate gemeenten op kultueredukaasje binne in slach foar de muzykkultuer en it muzykûnderwiis yn Fryslân. Dat seit Johannes Terpstra, provinsjaal muzykadviseur by Keunstwurk. Bygelyks de gemeente De Fryske Marren, dy't de korpsen fan 2017 ôf net langer stypje wol. Yn Opsterlân wurdt 250.000 euro besunige op Ateliers Majeur.
Bern kinne net langer as twa jier subsidiearre muzykles krije, folwoeksenen hielendal net mear. Muzykdosinten moatte foar harsels begjinne, as ûndernimmer op de frije merk.
Neffens Johannes Terpstra is dit gjin goede ûntwikkeling. Foar in protte minsken sil muzykûnderwiis te djoer wurde.