Baan skoare mei iisko's

24 jun 2014 - 14:32

In groep wurkleaze jongeren út de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel diele tiisdei iisko's út by bedriuwen. Sa hoopje de jongeren makliker oan in baan te kommen. It giet om in ludike aksje, de iisko's binne bedoeld om it iis te brekken. Yn de Wâlden sitte in soad minsken yn de bystân. Op dit stuit binne yn dy regio mear as 1500 wurksykjenden. De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hoopje dat de wurksykjenden mear opfalle as se persoanlik by bedriuwen del geane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)