Universiteit Fryslân grutter

Yn de bibleteek fan It Hearrenfean komt ek in festiging fan de Volksuniversiteit
De Volksuniversiteit Fryslân wreidet it oantal lokaasjes en it oanbod út. Ynwenners fan It Hearrenfean en omkriten kinne fan septimber ôf yn de biblioteek terjochte foar kursussen fan de Volksuniversiteit. Yn jannewaris fan dit jier wie de biblioteek fan Snits der ek al bykaam.
Oare kursuslokaasjes binne de biblioteken fan Ljouwert, Grou en Burgum. Nei de simmer komme der ek nije kursussen, ûnder oare netwurkjen.