Mantelsoarger te swier belêste

Mantelsoargers krije it te swier. Dat docht bliken út de twajierlikse Dementiemonitor Mantelzorg fan Alzheimer Nederland. Foar it ûndersyk binne goed 3000 minsken befrege, dy't de deistige soarch ha foar harren partner, famyljelid of freon. Alzheimer Nederland makket him bot soargen, ek omdat fan 1 jannewaris ôf de gemeenten ferantwurdlik wurde foar de oanwizing en fergoeding fan de soarch. De measte mantelsoargers binne net op de hichte fan it bestean fan de WMO-loketten, dêr't se soarch en begelieding oanfreegje kinne.
De mantelsoargers dy't dat wol binne, binne min te sprekken oer de loketten.