AB Texel nimt Bok út Snits oer

24 jun 2014 - 12:00
  • Bok Transport wurdt oernommen troch AB Texel

J.H. Bok Transport út Snits, dat spesjalisearre is yn feefoertransport, wurdt oernaam troch AB Texel. De fjouwer leden fan de famylje Bok dy't op dit stuit eigeners binne dogge in stap werom. Foar de goed 50 wurknimmers fan it bedriuw hat de oername gjin gefolgen. De namme fan it bedriuw bliuwt ek bestean.

De deistige lieding fan Bok bliuwt yn hannen fan Arjen Hoekstra en Johannes Nieuwland. Sy dienen dat de lêste jierren ek al. Oer it oernamebedrach wurde gjin meidielings dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)