Ruters hâlde Skylge skjin
Leden fan de ruterferiening op Skylge meitsje tsjintwurdich alle wiken in rûntsje oer de eastkant fan it eilân om de ôffalbakken te leegjen. De ruters geane mei hynder en wein it eilân. Se dogge dit yn gearwurking mei Steatsboskbehear, omdat dy organisaasje sels gjin minsken mear hat om dit wurk te dwaan. De ruterferiening krijt in lytse fergoeding foar it wurk.