Tsjerke fan Aldeboarn opknapt

24 jun 2014 - 07:17

Yn Aldeboarn wurdt tiisdei de grutte klok út de tsjerke oan de Tsjerkebuorren helle. De klok moat restaurearre wurde. De klok is yn 2011 al stilsetten, omdat it út feiligens net mear ferantwurde wie om de klok te brûken. Ek de oare twa klokken yn de toer wurde opknapt.

Der is ek in kompleet restauraasjebestek makke foar in opknapbeurt fan de de tsjerke. Sa wurde de muorren en it houtwurk fan de tsjerke oanpakt. De totale kosten binne 240.000 euro. Yn oktober moat de restauraasje klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)