Bruorren Woortman hâlde op

Raymon en Jeffrey Woortman sette in punt efter de motorsport. De beide bruorren dy't op de gersbaan en yn it speedway útkomme skriuwe yn in parseberjocht dat it grutte tal blessueres dêr de oarsaak fan is. Troch de ferwûnings kinne se net wurkje. Yn de ôfrûne fiif jier ha se beide sa'n sân à acht moannen út it wurk west. Dat kin net mear. Op dit stuit ha Raymon en Jeffrey ek in blessuere. Tytsjerkster Raymon hat in brutsen rêch, Wartenster Jeffrey it skouder út 'e kom.