Besunigings op muzykûnderwiis

Ateliers Majeur dy't it muzykûnderwiis yn de gemeenten Opsterlân en Hearrenfean regelet, skrast yn it oanbod fan muzyklessen. Minsken ûnder de 21 jier hawwe noch mar rjocht op twa jier yndividuele muzykles by Majeur. Dêrnei moatte se nei in partikuliere oanbieder. Foar folwoeksenen is hielendal gjin plak mear.
Fêst personiel fan Majeur rekket oeren kwyt, selsstannige dosinten wurde minder faak ynhierd. Troch besunigings fan de gemeente Opsterlân moat Atelier Majeur it mei in kwart miljoen euro minder dwaan.
Direkteur Koning fan Majeur wol goed gearwurkje mei partikuliere dosinten. Sa moat it muzykûnderwiis yn Opsterlân op peil bliuwe.