Tagong fuotbalfjilden ferbean

23 jun 2014 - 18:56
  • Stikkenriden fuotbalfjild yn Marsum

De gemeente Menameradiel hat tagong ta de fuotbalfjilden fan SSS '68 yn Marsum ferbean. Twa wiken lyn waarden de fjilden fernield troch crossmotors.

Troch de tagong no te ferbieden krijt de plysje de mooglikheid om by kontrôles boetes te jaan. De klup wol de fjilden op dy wize rêstich herstelle litte. Fan 1 augustus ôf moat der wer traind wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)