'Gjin taname tal wrakken'

23 jun 2014 - 17:01

De twa grutste Fryske wettersportgemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân sizze dat der gjin taname fan wrakken op wetter is. Mar der binne wol wrakke boaten en boatsjes en dat wurdt net tastien. Dat sizze de gemeenten yn reaksje op it nijs fan brânzje-organisaasje NJI foar de jachtbou.

Neffens de organisaasje lizze troch hiel Nederlân rûchwei 25.000 sloepen, krusers en sylboaten dy't ryp foar de sloop binne. Dat is min foar it imago fan de wettersport, fynt de NJI.

Fertutearze boaten dêr't de gemeente de eigener net fan fine kin, gean nei de sloop of se wurde ferkocht. Jachthaven De Drait yn Drachten hannelet yn op it earste each ôfskreaune boaten. Se wurde meastentiids foar in prikje ferkocht oan jongerein of se gean nei it bûtenlân. Slope, sa't brânzjeorganisaasje NJI graach hawwe wol, bart op De Drait eins net.

Trefwurden: 
sylboat wrak NJI
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)