IIsbaanferkeap net dizze wike

23 jun 2014 - 16:40
  • It bestjoer fan iisklup Eendracht foar de iisbaan

De iisbaan fan iisklup Eendracht yn Droegeham wurdt net fan 'e wike ferkocht. Dat seit wurdfierder Spinder fan boubedriuw VDM. De iisbaan leit njonken it fabryk fan VDM en is al jierren by de iisklup yn gebrûk. VDM is dwaande mei in trochstart nei finansjele problemen is op dit stuit dwaande om ferskate grûnposysjes te ferkeapjen. De iisbaan heart dêr ek by, mar wurdt seker net op koarte termyn ferkocht.

Spinder seit ta dat by ferkeap fan de iisbaan rekken hâlden wurde sil mei de belangen fan de iisklup.

De iisklup hat de ôfrûne jierren ynvestearre yn in eigen akkomodaasje by de baan en wol it terrein flakby de buorren as it heal kin net kwyt. IIsklup Eendracht en it CDA Achtkarspelen seine moandeitemoarn dat de Rabobank ferantwurdlik is foar de ferkeap fan it terrein, mar direkteur Varekamp fan de Rabobank yn Drachten ûntkent dat. Net de Rabobank, mar VDM is de eigener fan it terrein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)