Falske namme nei oanriding

© ANP XTRA
In frou hat yn Dokkum moandeitemiddei falske gegevens opjûn nei in oanriding op De Houtduif. De frou ried yn in wite Mercedes. Se kaam yn botsing mei in 72-jierrige frou út Dokkum. Beide froulju hawwe nei it ûngelok ynformaasje útwiksele om de skea ôf te hanneljen.
Thús kaam de Dokkumse derachter dat de ynformaasje fan de bestjoerster falsk wie. It giet om in frou fan in jier as 30 of 40. De plysje siket no tsjûgen fan de oanriding.