Deensk Waad ek op Unesco-list

23 jun 2014 - 16:19

Unesco hat it Deenske part fan de Waadsee ek op de wrâlderfguodlist set. Dêrmei is no de hiele Waadsee ien wrâlderfguodgebiet. Sûnt 2009 stienen it Nederlânske en Dútske part al op de list. Op de Unesco-list stean mar trije gebieten dy't yn meardere lannen lizze.

It Gezamenlijke Waddenzee Secretariaat is út de skroeven mei de lêste beneaming. De organisaasje fynt dat de Waadsee no op likense hichte stiet mei it Great Barrier Reef yn Australië en de Grand Canyon yn Amearika.

Trefwurden: 
Waadsee Unesco
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)