Famke (10) fan 'e fyts skopt

23 jun 2014 - 15:07

De plysje is op syk nei tsjûgen fan de mishanneling fan in 10-jierrich famke út Ljouwert. Freedtemiddei om in oere of healwei fjouweren fytste it famke oer de Grinzerstrjitwei. Dêr waard se troch trije froulju fan 'e fyts skopt. Doe't it famke op 'e grûn lei, waard se op 'e nij skopt en slein troch de trije fertochten, dy't dêrnei útnaaiden.

De plysje hat ûndersyk dien yn de omkriten, mar koe de froulju net fine. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne harren melde by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)