Snitser pakt mei speed en GHB

23 jun 2014 - 11:43
  • GHB

In 38-jierrige ynwenner fan Snits is sneintenacht oanhâlden om't er speed en GHB by him hie. De plysje seach de man by de haven oan de Selfhelpweg en spruts him oan. Omdat de plysje syn ferhaal net fertroude, waard de man fûlleard. Yn syn tas troffen de plysjes ferskate fleskes mei GHB oan en trije wikkels mei speed.

De fertochte sit fêst op it plysjeburo. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. De drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)