Ien op de fiif strjitlampen út

De gemeente Hearrenfean set om te besparjen ien op de fiif strjitlampen nachts út. Mei-inoar giet it om twatûzen lampen. Saakkundigen hawwe de plakken besjoen dêr't lampen út kinne. Op gefaarlike of enge plakken giet it ljocht net út.
De gemeente moat noch oerlizze mei doarps- en wykbestjoeren oer it útsetten fan de strjitlampen. Wethâlder Broekhuizen ferwachtet lykwols gjin problemen. Op de lampepeallen dy't útgean, wurdt in melding plakt, sadat minsken net tinke dat it ljocht stikken is.
De aksje smyt in besparring fan 50.000 euro yn it jier op. Dat is wat hûndert húshâldings yn it jier oan stroom brûke.