Brân H'fean ûnder kontrôle

23 jun 2014 - 10:57

De brân yn in garaazje by in wenning oan de Leliestrjitte op It Hearrenfean is ûnder kontrôle. De oanlizzende wente koe behâlden bliuwe. De garaazje baarnde folslein ôf. Dêr is asbest by frijkaam.

Omwenners wurde troch de gemeente Hearrenfean mei in brief ynfomearre oer de fierdere gong fan saken. Se kinne ek de Twitteraccount fan de gemeente yn 'e gaten hâlde. Dêrop wurdt sa gau mooglik mear ynformaasje jûn oer it asbestgefaar.

Trefwurden: 
brân asbest It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)