Drugs op droechfallen skip

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
Yn in skip dat ferline wike fêstrûn is by Skiermûntseach binne drugs fûn, sa hat de plysje moandei bekend makke. It skip kaam by ôfnimmend tij fêst te sitten op it Waad. De twa opfarrenden binne troch de KNRM fan board helle. Letter waarden sy oanhâlden op it eilân.
Op it skip fûn de plysje twa fertochte pakketsjes. De boat is dêrnei nei de haven sleept en dêr fierder ûndersocht. Der waarden mear drugs fûn, De twa manlju sitte fêst op fertinking fan drugssmokkel.