Markant Friesland wreidet út

Markant Friesland, it gearwurkingsferbân fan streekmusea yn Noardeast-Fryslân, giet de grinzen oer. Mei yngong fan july wurket de Fryske stifting gear mei streekmusea yn Grinslân, lykas it Kloostermuseum yn Aduard.
Neffens Markant Friesland kinne de lytsere musea harren troch de gearwurking better profilearje. De stifting wol de oansletten musea ek better tagonklik meitsje foar bern. By de oprjochting fan Markant Friesland yn 2009 wiene 19 musea oansletten. No binne dat 31. Sy lûke goed 25.000 besikers yn it seizoen.