Epke bêste op brêge en rek

23 jun 2014 - 06:38
  • Epke Zonderland

Turner Epke Zonderland hat snein neffens ferwachting yn Rotterdam twa Nederlânske titels ophelle. Hy wie yn Ahoy de bêste op brêge (15,40) en op rek (15,15). Gjin inkele konkurrint kaam yn de buert fan Zonderland. Bart Deurloo, de nasjonaal kampioen op de mearkamp, pakte op beide tastellen sulver.

By de froulju pakte Lisa Top, sneon de bêste op de fjouwerkamp, in titel op flier. Sanne Wevers krige de bêste beoardieling op balke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)