Mollema tred yn Switserlân

22 jun 2014 - 17:39
  • Bauke Mollema

Bauke Mollema fan Ljouwert is snein tredde wurde yn it einklassemint fan de Ronde fan Switserlân. Mollema sleat de Ronde ôf mei in knap twadde plak yn de lêste etappe fan Martigny nei Saas-Fee. De wrâldkampioen Rui Costa út Portugal koe de Ljouwerter hurdfytser yn de lêste beklimming nei de einstreek ta ienfâldich foarbliuwe en kaam mei in ferskil fan 14 tellen oer de finish.

Costa wûn de slotetappe en ried boppedat de Dútser Tony Martin út de giele liederstrui. Costa pakte dêrmei foar de tredde kear op rige de einoerwinning yn de Ronde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)