Yondi Schmidt wint NK Oerterp

22 jun 2014 - 17:04

Hurdfytser Yondi Schmidt út Arnhem is de nije nasjonaal kampioen elite sûnder kontrakt. Yn Oerterp wie er snein nei 187,5 kilometer yn in spannende einsprint de rapste. It twadde plak wie foar Roy Eefting, Marco Brus einige as tredde. Arjan Stroetinga fan Waskemar wie de bêste Fries mei in fyfde plak.

In kopgroep fan trettjin man mei dêryn de Friezen Durk Fabriek fan Haulerwyk, Douwe de Vries fan It Hearrenfean en Ruben Hoekstra fan Tsjerkgaast makken lang de koers, mar waarden yn de slotfaze werompakt troch it peloton.

Ek reedrider Sven Kramer die mei en wie ien fan de 140 dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)