'Neat mis mei fergunning'

22 jun 2014 - 15:29

De 94 garnalefiskers dy't in fergunning oanfrege ha om ek yn beskerme parten fan de Waadsee en Noardsee te fiskjen, dogge neat ferkeard. Dat seit Matthijs van der Ploeg, inisjatyfnimmer fan de oanfraach en eigener fan de garnale-ôfslach op Zoutkamp. Neffens him is deselde fergunning as altyd oanfrege. Sûnder garnalen út de beskerme gebieten soe de garnalefloat ynkrimpe moatte.

Om dat mooglik te meitsjen, soene tsjientallen miljoenen euro's út it Waadfûns komme moatte. Mar dat slagget net, sa hat it ministearje fan Ekonomyske Saken neffens de fiskers witte litten. En dat soe ta it fallisemint liede fan in hiel soad fiskers yn it Noarden, ferwachtet Van der Ploeg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)