Lisa Top wint NK turnjen

Turnster Lisa Top © awfoto.nl
Turnster Lisa Top fan turnferiening Hearrenfean hat sneon by it NK turnjen yn Rotterdam de nasjonale titel pakt. De 17-jierrige Top sammele op alle tastellen in puntetotaal fan 55,150 punten. Dêrmei pakte se mei oermacht de winst op de mearkamp. It sulver wie foar Maartje Ruikes, mei in einskoare fan 51,950. Vera van Pol, de winneres fan ferline jier, moast dit kear genoegen nimme mei in skoare fan mei 50,533, goed foar it brûns.
By de manlju gong de nasjonale titel foar de twadde kear nei Bart Deurloo, mei in einskoare fan 89,000 punten. Casimir Schmidt pakte mei 83,000 punten it sulver, Boudewijn de Vries mei 81,950 punten it brûns.