Drok mei ferlern guod op Oerol

22 jun 2014 - 11:49

Op it kantoar fan 'e gemeentlike haven op Skylge is it dizze dagen smoardrok mei minsken dy't fan alles kwyt reitsje. Mei Oerol ferlieze hûnderten minsken fan alles. Al it guod dat werom fûn wurdt, sammelje se dêr. Cees Muijskens is de man fan it fermiste guod. Hy hat sels in spesjaal digitaal systeem opset. Minsken kinne op in lanlike webside en de webside fan de gemeente Skylge sjen oft har guod fûn is. Hy is al mei pensjoen, mar foar Oerol makket er in útsûndering en is hy drok yn it spier. In tredde fan it guod wurdt úteinlik ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)