Ljouwerter mei drugs oppakt

22 jun 2014 - 10:34

Yn Ljouwert is sneontenacht yn in hoarekagelegenheid oan it Ruterskertier in man fan tweintich oanhâlden op fertinking fan drugshannel. In portier seach dat de Ljouwerter drugs by him hie en warskôge de plysje. Yn syn klean sieten 25 wikkels mei harddrugs, ek hie er 35 xtc-pillen by him. De drugs binne yn beslach nommen, tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)