Mollema tredde yn 8e etappe

21 jun 2014 - 17:13
  • Bauke Mollema yn aksje

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert is sneon tredde wurden yn de achtste etappe fan de Ronde fan Switserlân. Yn de berchrit fan Delémont nei Verbier gong de winst nei de Kolombiaan Johan Esteban Chaves. Hy wist de Tsjech Roman Kreuziger en Bauke Mollema op de einstreek krekt foar te bliuwen.

De Dútske giele truidrager Tony Martin einige as sânde en hâldt de lieding yn it klassemint. Mollema stiet fyfde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)