Earste kuierders oankaam

21 jun 2014 - 15:38

De earste kuierjende dielnimmers oan de Mar-aton om de Snitsermar binne sneontemiddei flak nei trijen oankaam by de finish yn Snits. It giet om Maarten van Doremalen en Gerrit de Jong.

Van Doremalen kundige earder op de dei al oan dat er de 42 kilometer yn seis oeren rinne woe. Dat is slagge. Moarns om njoggen oere gie er fan start. By Terherne krige er selskip fan Gerrit de Jong, dy't tsien minuten letter begûn wie. Se wiene net de rapsten. Dat is oant no ta Bea Penders, dy't de tocht in 5 oeren, 49 minuten en 48 sekonden folbrocht.

Sawat 1500 minsken kuierje sneon de hiele maraton om de Snitsermar, 1900 dogge de heale. Sneontejûn komme de hurdrinners yn aksje. Sy kinne ek kieze út in hiele of in heale maraton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)