De Vries wint TT-skate Assen

21 jun 2014 - 14:33

Elma de Vries hat sneon yn Assen de TT-skate, skeelerjen, op har namme skreaun. Op it motorsirkwy wist De Vries, oarspronklik fan De Haule, yn de einsprint Corine Strikwerda fan Feanwâlden krekt foar te bliuwen. Foske Tamar van der Wal fan Grypstjerk einige as tredde.

By de manlju gong de winst ferrassend nei Wim Dillen út Genemuiden. Hy wûn foar de Grinslanner Robert Post. It tredde plak wie foar Ingmar Berga út Hoogeveen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)