Ferbeane wapens en munysje

21 jun 2014 - 13:27

De plysje fertinkt in 40-jierrige Ljouwerter fan it yn besit hawwen fan ferbeane wapens en munysje. It giet om in boksbûgel, in mes en in kûgel.

De man foel de plysje op doe't er freedtenacht slingerjend yn de auto oer de Aldlânsdyk ried. Neffens de plysje wie er mooglik ûnder ynfloed fan drugs. Dêrom is in bloedproef dien. It guod waard fûn yn syn auto. Dêr leine ek harddrugs yn. It guod is yn beslach naam. Dat jildt ek foar de drugs en de auto. Neffens de plysje is de man lid fan motorklup No Surrender.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)