Grinslanner plysje op Oerol

21 jun 2014 - 13:00
  • Plysje op Oerol kriget fersterking fan Grinslanner en Drintske kollega´s

De plysje op Skylge hat foar de Oerolwike de besetting op it eilân op sterkte brocht. Gewoanwei binne acht plysjeminsken op Skylge oan it wurk. Mei Oerol krije se stipe fan tolve kollega's fan de fêste wâl. Dit jier komme foar it earst ek plysjes út Grinslân en Drinte oer.

It Oerolfestival sels ferrint rêstich. Der wurde wol stellerijen meld, mar by it measte plysjewurk is alkohol yn it spul of it hat te krijen mei fytsûngelokken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)