Ierappelsykte betider as oars

21 jun 2014 - 12:21
  • Kontrôle ierappels op fytoftera en oare sykten
  • Yn Fryslân binne der wol útbraken fan fytoftera, mar de sykte is ûnder kontrôle

Ierappelsykte fytoftora stekt folle betider de kop op as oare jierren. Fyftoftora is in skimmel dy de ierappel sa oantaast, dat er net mear brûkt wurde kin. De spoaren fan de skimmel wurde mei de wyn meinaam. Se moatte fuortendaliks bestriden wurde. De skimmel docht it benammen goed nei langere reinperioaden en damp, hjit waar. Hy is tige besmetlik.

Yn Fryslân hearsket wol fytoftera, mar de sykte is ûnder kontrole. Op oare plakken yn Nederlân binne komplete fjilden ierappels net mear te brûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)